december 18, 2021

fan ûnbekend*
Jesaja
Wol harkje, jimme heksebern,
dy’t de mûle altyd iepen ha,
in oar de gek oanstekke
mei de tonge fier derút,
fan geilens stekke jimme ta.
Jim offerje by heech en leech
op glêde stiennen sels de bern,
ha dêr in byld by setten
fan de Moloch, bern as bút
woe ’t ôfgodsbyld fan jimme sjen.
Jim ûnhuer dwaan, faak sûnder ein,
makke dat jim waarden dea-oanein,
dochs binne jim wer kommen
op ferhaal, alhiel gelyk
oan earst, mar waard de wierheid sein?
Foar nimmen wiene jimme bang,
ek al sloech bedroch foar master op;
om’t jim net nei My harken,
wurdt jim ûnrjocht iepenbier,
in ein komt oan de rauwe rop.
* Yllustraasje ‘Berne-offer oan de Moloch’
december 17, 2021

fan ûnbekend*
Hy hie yn Spanje net in namme
dy’t fier boppe ’t folk útstiek,
gie troch foar hiel gewoan,
dochs tsjinne hy twa keizers
fan it âld Romeinske ryk.
As keizer krige hy de namme
fan de bêste: Optimus,
rjochtfeardich en humaan
wie hy foar alle boargers
en soldaten: Maximus.
As fjildhear hat er him net skamme
foar de operaasjes oan
de grinzen fan it ryk,
it gie him om ekspânsje,
yn dy tiid wie dat gewoan.
Hy hat him net oan ’t âlde klamme,
makke nij it lânsbestjoer,
lei nije wegen oan
mei peallen mei syn namme,
tûzen myl stie hy oan ’t roer.
* Byld ‘Keizer Traianus’