Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op krysttiid oan

Lyrysk Deiboek

De âlde beam kreunt lûder
by berjochten út ’e wrâld
dy’t hieltyd skerper klinke:
‘Telle sil ik hiel it folk,
troch my wurdt mannichien net âld.’

Mar kroane hearsker fan de
hiele wrâld, wol harkje nei
’t berjocht om te fertellen:
‘Net it tellen is it ien
en al, dêr is de ein fan wei.’

‘Jim sille troch de knibbels
gean, de holle bûge foar
it byld fan bûten azem
reitsje, deaden binne tolk
fan… foar in foarst is neat te bar.’

‘Do kroane hearsker troch de
dea, wol sjen it daagjend swurk,
it sein om te fertellen
dat it mei dyn hearskjen dien
is… telle is gjin hieljend wurk.’

admin

Brave New World

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Yn Brave New World
koe elkenien him rêde
op it fûnemint fan rede,
wittenskip dy’t útrûn
op technyk, in wrâld fan frede.

Yn Brave New World
hie ’t minskdom neat te sizzen,
útsein tsien dy’t strang regearren
mei de wittenskip dat
nimmen hoegde ier te stjerren.

Yn Brave New World
wie elkenien tefreden
yn syn eigen sletten klasse:
alfa, bêta, gamma,
delta, epsilon, dat passe.

Yn Brave New World
wie eigenheid net wolkom,
fuort mei eigenwize keunsten,
Iislân as bestimming,
ienheid krige alle geunsten.

Lit my mar stean,
ik kin mysels wol rêde,
foar de eigenheid de reden
rjocht de rêch te hâlden,
mei sa’n libben ha ik frede.

* Foto ‘Aldous Huxley’,
skriuwer fan ‘Brave New World’





Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum