Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Neoliberale mist

Lyrysk Deiboek

Der is gjin plak om links foarby,
wylst dêr de romte wêze moat
fanwege it klimaatbelied,
dat hinget yn de tsjokke mist,
wat docht de wrâld tekoart.

Wol wiist de swarte pylk de wei
fan jierrenlang it misbelied
fan liberale polityk,
dy’t foar ’t klimaat de eagen sleat,
lykas it wrâldwiid giet.

Gjin aksje, aksje, aksje fan
in blauwe neoliberaal
dy’t liigde om lang oan de macht
te bliuwen; hingjend yn de mist
jout hy in min sinjaal.

admin

Gloarje fan Sion

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Dit hat de Hear te sizzen,
wylst Er nei ’t ferline sjocht:
‘Earst rûn it paad del nei Egypte,
it lân fan wrede slavernij…
wa hie doe noch oan frijheid tocht?’

De Heare hat noch mear te sizzen
as it giet oer ballingskip:
‘Assyrië liet jim net sitte,
doe waard myn folk foar neat ferkocht,
ferlear op ’t libben fêste greep.’

Foar neat ha sy myn folk meinommen,
ek syn kleien wie fergees,
de hearskers lasteren myn namme
en fierden roppend ’t steile wurd,
myn folk rôp gûlend as in wees.

Wurd wekker, folk fan My, wurd wekker,
Sion, lit dyn gloarje sjen,
do moatst dyn moaiste klean oanstrûpe
en skodzje fan dyn skuon it stof,
dyn halsbân hast foargoed ferlern.

* Foto ‘Joadske dûns’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum