november 29, 2021
Men kin him noch gjin puber neame,
want dan naam er ôfstân fan syn heit,
dy’t him it fleanen leard hie:
‘Hichte hâlde, ek as ’t hurder waait
as seis Beaufort en hâld dyn snaffel!’
It gie net sûnder slach op wjukken
of in stjit by ’t reitsjen fan de grûn,
hy moast as bern earst wenne
foar’t er yn de loft it lykwicht fûn,
wylst heit net hold syn eigen snaffel.
As bern hold hy syn snaffel iepen
as it oankaam op it deistich miel,
hy koe him dan wol hâlde,
want hy kriich in evenredich diel
noch sûnder puberale ôfstân.
november 28, 2021
fan ûnbekend*
As in hammer slacht it yn de kop
nei tolve glêzen skomjend bier
en nei in nacht yn koma…
skerpe spikers ûnder ’t hier.
Wat ferslacht de kater yn de kop?
Gjin tange kriich hâldfêst
op spikers sûnder kop, dat
sûpers holden oeren lêst.
Yn it lân fan dream en djippe winsk
waard nei in middel socht
dat brûsde yn de mage,
spikers boppe wetter brocht.
Alka Seltzer brûsde troch de lea,
kniep spikers út ’e kop
en liet de dei wer komme
nei de nacht… it bier wie op.
* Yllustraasje ‘Alka Seltzer’