december 3, 2021
fan ûnbekend*
Vespasianus wie de heit,
dy’t keizer waard yn Rome,
wylst hysels de striid oangie
mei Joaden dy’t yn opstân kamen,
striid dy’t goed foar syn imago wie.
Jeruzalem naam Titus yn,
de haadstêd mei de timpel,
dy’t syn leger plondere
en gau dêrnei yn fjoer en flam stie,
de timpel troch de Joad bewûndere.
It wie de fraach wa’t keizer waard,
want dûbel wie ’t imago
fan de soan, dy’t wûn de striid,
ferlear mei orgyen syn oansjen…
dochs joech Titus ’t lân in rike tiid.
Byld ‘Keizer Titus’
december 2, 2021
fan Gerard van Honthorst*
Hat hy te djip yn ’t gleske sjoen?
Wol nee, ’t bestean is net te djip
foar him, hy libbet op ’e flakte
fan wat er om him hinne sjocht
oant yn de lette jûn.
Hy hâldt fan ’t libben mei wat kleur
en mei sa no en dan in drip
en oeral tuskentroch in grapke;
Hy hâldt perfoarst syn paad wol rjocht,
it giet him om de fleur.
Gerdyn of is it in tapyt?
Hy komt der sjongend achterwei
mei yn de holle noch de klanken
fan syn fioele, dy’t er kocht…
hy stiet wol yn it kryt.
* Gerard van Honthorst (1592-1656)
Skilderij ‘De fleurige spylman’