december 9, 2021
fan Rembrandt*
Hy hat syn hier lang groeie litten,
snor en lokken wapperje deroer,
sa komt syn wichtigens goed út;
de wyn dy’t yn syn swipe sit,
lit er oeral hinne sjitte.
As tredde yn de lange rige,
nei de kapitein en luitenant,
lit hy him as de heechste sjen;
mei ’t findel boppe snor en lok
kin er nei de fijân drige.
Syn hân leit proastich yn de side,
rekket mei ien finger oan it swurd,
lit sa de fijân striidlust sjen,
wat sprekt ek út ’e linkerfûst,
’t findel sil foar ’t leger stride.
Ha beide nei de striid marsjearre,
hy en ’t findel flink de put derút,
dan giet it streekrjocht nei de kroech,
dêr’t snor en lokken snuve bier,
’t hat oan lusten net mankearre.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De findeldrager’
december 8, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Ik bin net te ferlykjen
mei wat op ’e ierde is,
myn tinken is net as fan jim,
jim dwaan is net as wat Ik doch,
dus harkje nei myn stim.
Sa as de himel útgiet
boppe ’t ierdsk bestean, safier
giet alles út wat Ik foar jim
dien ha en noch altiten doch,
dus harkje nei myn stim.
Sa’t rein en snie delkomme
út ’e loft en dêr net wer
nei tagean foar’t se wetter jûn
ha, sa lit Ik myn wurd útgean,
it komt yn goede grûn.
Bliid sille jim ôfreizgje,
fredich komme jim teplak,
de bergen jubelje foar jim,
de beammen klappe lang en lûd,
jim paradys krijt stim.
* Foto ‘Bergen en beammen’