december 17, 2021
fan ûnbekend*
Hy hie yn Spanje net in namme
dy’t fier boppe ’t folk útstiek,
gie troch foar hiel gewoan,
dochs tsjinne hy twa keizers
fan it âld Romeinske ryk.
As keizer krige hy de namme
fan de bêste: Optimus,
rjochtfeardich en humaan
wie hy foar alle boargers
en soldaten: Maximus.
As fjildhear hat er him net skamme
foar de operaasjes oan
de grinzen fan it ryk,
it gie him om ekspânsje,
yn dy tiid wie dat gewoan.
Hy hat him net oan ’t âlde klamme,
makke nij it lânsbestjoer,
lei nije wegen oan
mei peallen mei syn namme,
tûzen myl stie hy oan ’t roer.
* Byld ‘Keizer Traianus’
december 16, 2021
fan Alphonse Mucha*
Wa fielt net mei dit minske mei
dat net mear rinne kin,
har deljûn hat, mar noch net leit,
yn hiel Siberië allinne
mei de stjer dy’t har wat seit:
‘Ik bin foar dy der nacht en dei,
hoewol’tsto my net sjochst
by sinneljocht, de ierdske stjer
dy’t dy allinne fierder rinne
lit, foar dy bin ’k altyd dêr…
… wêr’tsto ek rinst of sitst, ik draai
foar dy in rûnte, dy’t
dy reitsje sil as wolven om
dy hinne komme en de sinne
ûndergiet, foar dy dôfstom.’
* Alphonse Mucha (1860-1930)
Skilderij ‘Stjer en Siberië’