Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Triton

Mytebylden

fan ûnbekend*

Poseidon wie de heit fan Triton,
ek de hearsker oer it wide wetter;
mei syn skerpe trijetosk
stiek hy de seelju eangst oan,
fan wa’t er guon de fuotten wosk.

Mar Triton wie in fleurich fintsje,
mei in fiskesturt swom hy de see troch,
spyljend op syn skulp-trompet
om weagen del te bêdzjen,
hy hat sa mannich seeman ret.

It fintsje groeide út ta keardel,
liet ek groeie mear Tritonen,
dy’t Poseidon folgen yn
syn spoar, de iene nei de
oar blaasde lûd, wat joech mear wyn.

De skulp-trompet tsjin blaas-Tritonen,
dat de weagen rekken slim betize,
’t waard op ’t lêst in tizeboel.

* Byld ‘Triton mei fisk’
 

admin

Krystbeam derop ta

Lyrysk Deiboek

Hy hat him mei út Dútslân nommen
as de tûke keapman C en A,
foar Friezen ek de lapkepoep…
hy woe der neat foar ha.

De hege hoed hat hy ôfnommen,
foar boerinnen wie it derop ta,
sy tocht dat hy foar Friezen kroep…
jawis, hy woe der neat foar ha.

Hy soe wol wer ris by har komme,
ier of letter yn de stêd, no sa,
de Friezen libben as in groep…
mar stjerrend wier, hy woe der neat foar ha.

De krystbeam hat sy doe oannommen,
letter koe sy him as C en A,
der wie gjin sprake mear fan poep…
mar wrachtich wier wie wol, hy woe der wat foar ha.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum