december 27, 2021
Se binne roppich nei de nacht
doe’t hoeders harren plicht net diene,
want ynienen hold gjinien de wacht.
Wol seagen sy it ljochte stal
fan wa’t sy hielendal net koene,
sprekkend spile hy in frjemde rol.
Sy skrillen op fan ’t lûde liet
dat net by harren keppel paste,
dus folslein by kop en sturt lâns glied.
By ’t daagjen seagen sy frjemd op,
want tusken harren stie in krêbe,
samar wie der fretten, dat folop.
In feestlik barren foar de skiep,
it kaam op harren oer as wûnder
nei in nacht mei mar in bytsje sliep.
december 26, 2021
fan Peter Paul Rubens*
Wêr binne de twa ingels bleaun
no’t hjoed de dei ek bern noch
flechtsje moatte foar de macht
fan beulen, honger en geweld,
it bliuwt foar harren altyd sneon.
Sy kinne net nei skoalle ta,
de snein wurdt harren ek net
gund, sy bliuwe yn de nacht
fan wekker wurde nei in dream
oer merjes, folle mear as twa.
Gjin byld fan ingels ûnderweis
en heit en mem mei ’t lytse
bern, de ezel mei syn fracht,
de dream dy’t oars ’t ferhaal fertelt:
beskerme troch dy twa op reis.
Wêr binne de twa ingels bleaun
yn dizze sekuliere
tiden mei Korona oan
de macht, de kroan op stream nei stream…
it bern wurdt op ’e nij ferdreaun.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De flecht nei Egypte’