Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Folk fan iken

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

De Geast fan God is oer my kommen
as profeet dy’t troch Him salve is,
Hy stjoert my út mei ’t blide boadskip
foar fersleinen mei in brutsen hert
en om ûnfrijen te ferlossen,
fan treast ha treurjenden ferlet,
de krânse moat yn plak fan jiske komme.

It folk, gelyk oan sterke iken,
sil no plante wurde troch de Hear,
wat withoelang ferrinnewearre
lei, komt wer oerein, in nije bou,
wylst frjemden noed stean foar de keppels
en binne yn de wyngerds trou
oan ’t wurk, tenei heart Gods folk ta de riken.

Myn folk moast ûnder skande lije,
dat it krijt it dûbelop werom
op grûn fan in ferbûn dat ivich
is, it hat fan My in earlik lean;
ferneamd is ’t neiteam ûnder folken,
dy’t mei iepen mûle stean
te sjen nei minsken dy’t de seine krije.

* Foto ‘Wei mei ikebeammen’



admin

Tiberius

Mytebylden

fan ûnbekend*

Mem Livia har aspiraasje
wie foar har soan Tiberius
de troan en Iulia as frou,
in wiif fan ’t losse libben,
mem wie tûk, sa barde ’t dus.

As generaal wie hy suksesfol,
tûk as bestjoerder fan it ryk
en oan syn eigen wetten trou;
wa’t neffens him ek stribbe
nei de macht, biet yn it slyk.

Yn Rome woed er net regearje,
op ôfstân koed er dat wol dwaan
op Kapri, dêr’t er stiek syn klau
út nei senaat en sibben
om fijanlik ta te slaan.

Sa waard er fijân fan syn Rome,
as gek beskôge yn syn baan
as keizer… keizer yn it nau.

* Byld ‘Tiberius’


 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum