januari 21, 2022
fan Léon Comerre*
Timoleon sloech net foar master op,
syn broer woe wol de hearsker wurde
fan Korinte, ’t leafst allinnich,
aspiraasje hie er foar tiran,
wat koste him de kop.
Timoleon syn freonegroep rôp op
om Timophanes te fermoardzjen
út it eachpunt fan de frijheid
wei… wat fûn Timoleon dêrfan?
Him koste ’t net de kop.
’t Gie tusken frijheid en in bruorremoard,
wat woech yn dit ferbân it swierste:
frijheid fan syn stêd Korinte
of it libben fan syn broer-tiran…
hy sei: ‘Ik gean akkoart.’
It bloed fan Tomophanes woech wol swier
foar mem… Timoleon moast flechtsje,
gong de striid oan mei tirannen,
brocht de hege sege oan de man,
tenei foar ’t folk yn ’t spier.
* Léon Comerre (1850-1916)
Skilderij ‘De dea fan Timophanes’
januari 20, 2022
fan Frans van Mieris*
Twa hannen mei ferskil yn rjochting,
de iene dy’t in ear beet hat,
de oare dy’t de narder wart…
wat hat dat te betsjutten?
Mar hat de man wol de bedoeling
de hûn te pakken by it ear?
It docht allinnich ’t froutsje sear,
sy kin it dûbel tsjutte.
Do moatst net oan myn hûntsje sitte,
bliuw mei dyn fingers fan him ôf,
bring net myn skatsjes yn it nau,
hy lit it blaffend witte.
Ik ha mei dy gjin snars te krijen,
mei ús ferkearing bin ik klear,
dus lûk myn hûntsje net oan ’t ear,
tenei sil hy dy mije.
* Frans van Mieris (1635-1681)
Skilderij ‘Hûntsje pleagje’