Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Georges Lemaître

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Pryster, astronoom en kosmolooch,
natuer- en ek wiskundige,
Lemaître seach it oeral sitten;
as hielal- en godgelearde
koe hy fan ’t plurifoarme witte.

Pryster… dus stie God oan ’t oerbegjin,
dêr wie hy godgelearde foar,
God skoep de himel en de ierde
mei wat dêrop ivich libbe,
dat hie de Ivige te bieden.

Mar as astronoom en kosmolooch
seach hy fierop yn it hielal
oars net as withoefolle stjerren,
dy’t in oerbegjin hân hiene,
de oerknal skoep se allegearre.

Pryster, astronoom en kosmolooch,
natuer- en ek wiskundige,
Lemaître hat fan alles witten
as hielal- en godgelearde,
de paus liet him yn tsjerke sitte.

* Foto ‘Georges Lemaître’

admin

Godlike druvetraper

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Wa komt dêr oan, sa fel yn ’t read,
noch reader as de wurkklean
dy’t in druvetraper draacht,
syn spieren binne spand, fol krêft…
dat bin Ik yn sterke steat.

Wêrom’t myn mantel sa fel read
is? ’k Wie de druvetraper,
moast it sûnder helper dwaan,
grimmitich trape Ik, fol krêft
waarden sa de kânsen keard.

De folken stampte Ik dus fyn
as wrake foar it lijen
fan myn folk om rjocht te dwaan,
Ik rêde sels dêrmei, fol krêft
kaam foar ’t ljocht de reade wyn.

Yllustraasje ‘Druveparse’



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum