Willem Tjerkstra’s thússide
admin

David en Batsjêba

Keunst

fan Jean-Léon Gérôme*

Wat is der moaier yn de jûn,
wannear’t de himel út’ en readens
skynt, as om te sjen oer hiel de stêd?
Jeruzalem leit my oan ’t hert,
mar ha ik myn bestimming fûn?

Wat is der better yn de jûn
as om op ’t platte dak te baaien,
út te sjen oer hiel Jeruzalem?
Uria leit my oan it hert,
mar ’t kriichsgeweld hat him no bûn.

Wa is dy frou dêr op it dak?
Har skientme strielet tsjin de jûnsloft…
is der kreazer skepsel yn de stêd?
Sy leit my no al oan it hert,
mar hoe kom ik oan myn  gerak?

Wat hat dy man foar in berop?
Hy gluorket wylst ik stean yn ’t neaken…
fynt men heger macht yn Israel
as kening? Flugger slacht myn hert…
is myn bestimming hegerop?

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Batsjêba’


 

admin

Antwurd op myn fragen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Ik wol in oantal fragen stelle:
wêrom dwaalden wy ôf fan de wei
en wiene yn it kwea behurde,
hiene amper noch ûntsach
foar wat de Heare foar ús die
en wêrom ha de goddeleazen
hinne wâde oer syn hillichdom…
kin de Hear my helpe út ’e rie?

De Heare kin my dit fertelle:
hoe’t it folk teach út Egypte wei
en Hy it út it wetter helle
ûnder Mozes syn gesach
en fierder fierde op syn wei,
it stroffele net yn de delling,
troch syn Geast brocht Hy it folk ta rêst,
joech it antwurd, helder as de dei.

Dit antwurd tsjûget fan bewizen
fan syn geunst foar ’t godsfolk ûnderweis,
dus sil ’k de grutte dieden loovje
dy’t Hy die mei grut gesach
foar’t folk dêr’t Hy foar keazen hie;
gjin boade of in ingel waarden
stjoerd, Hysels hat Israel ferlost…
mei dit ynsicht bin ik út ’e rie.

Yllustraasje ‘Paad foar it folk Israel
troch de Reade See’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum