Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klaai yn Gods hannen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Jo hawwe ús de rêch takeard,
sadat it kwea ús yn de ban hold;
Sion leit foar wyld derhinne,
jo timpel is fertard troch fjoer…
wat bliuwt der dan noch foar ús oer?

Wy roppe God oan as ús Heit,
dan kinne Jo net langer swije;
as Jo pottebakker binne,
dan wurde wy as sêfte klaai,
jo hannen rêde dêr dan mei.

Dan binne wy tenei jo folk,
dat dêrnei tinkt oan rjochte wegen,
dat wy ’t rjocht yn acht wer nimme,
dan nimme Jo it foar ús op
en bouwe wy de stêd wer op.

* Foto ‘Hannen fan de pottebakker’

admin

Timon

Mytebylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

As boarger fan Athene
libbe Timon op himsels,
hy koe gjin frou bekoare,
om’t syn selskip hie wat helsk.

It wie de hel op ierde
sa’t hy oaren ’t leksum joech,
dat mannichien soe hingje,
wat swier op ’e mienskip woech.

Hy brocht de mienskip op ’e
hichte dat er bouwe woe,
der wie noch ien probleemke…
hoe’t it mei it hingjen soe.

De beam mei figen kappe,
mei it hingjen wie ’t dan dien,
hy brocht elk op ’e hichte
dat syn beam wie noch te lien.

Op ’t grêfskrift liet er witte,
rêstich joech er him hjir del:
‘Do silst my grif ferwinskje
as de sprekker yn de hel.’

* Yllustraasje ‘Timon fan Athene’
** Yllustraasje ‘Timon fan Athene
troch William Shakespeare’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum