Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Titanen

Mytebylden

fan Jacob Jordaens*

Seis dochters en seis soannen,
tolve mei ferskillend aard,
mem Gaia , heit Ouranos
wiisden elk in eigen paad.

Wat koene de Titanen
sûnder bern, elk kriich in tal,
dy’t ek wer goaden waarden,
’t universum rekke fol.

De ienheid tusken stjerren
wie der net, ’t rûn út op striid:
Titanomachy wie de
namme, tsien jier wie de tiid.

Zeus soe ’t úteinlik winne,
waard de heit fan in grut tal:
de goaden op Olympos,
generaasje fan de lol.

De deastraf foar Titanen
hie wat resten ta gefolch,
dy wiene doe ornearre
foar de minske… it ferfolch.

* Jacob Jordaens (1593-1678)
Skilderij ‘De fal fan de Titanen’

admin

Mei de hân op it hert

Keunst

fan Peter Paul Rubens*
fan Antoon van Dyck**

Se sizze ik ha de pretinsje
út te stekken boppe ’t folk,
se neame my in Grand Seigneur,
mar kom ik oer mei fleur yn kleur?

Ik mei der wêze as de skilder
dy’t foar pommeranten tolk
is, mar ik fyn dêr is neat mis
mei, ’t is no ienkear sa’t it is,

Tink net dat it my ûnferskillich
is hoe’t ik nei foaren kom,
ik bin no ienkear sa’t ik bin:
in bears mei noch in ekstra fin.

Dat witte ek kollega-skilders,
Antoon draacht by oan myn rom,
hy sette my op it portret:
sa is ’t… de hân ha ’k op it hert.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Selsportret’

* Antoon van Dyck (1599-1641)
Skilderij ‘Portret fan Peter Paul Rubens’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum