februari 12, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Ik ha gjin timpel nedich
as it folk in offer bringt
en tagelyk it kwea oanbidt,
dat troch it hiele libben kringt.
In grouwe bolle slachtsje,
tagelyk in moard begean
of offerje it bêste skiep
en meitsje fan in hûn in lyk
of moal as offer bringe
tagelyk mei bargebloed
of wijreek brâne ta myn ear,
mar ek de ôfgod hulde dwaan…
hoe kin Ik sokke offers achtsje?
Gjin timpel ha Ik nedich,
want de himel is myn troan,
de fuotten rêste op ’e wrâld,
de eigen bou foldocht My skoan.
* Yllustraasje ‘Gods troan en fuotbank’
februari 11, 2022
fan ûnbekend*
Troilos,
syn namme sprekt al fan de stêd
dêr’t hy as keningssoan it ljocht seach,
dy’t it op it lêst net roaie
koe, de jongste dy’t al jong ferstoar,
hy kaam út Troje.
Achilleus,
de anty-held yn ’t Grykske kamp,
dy’t yn de jonge held it ljocht seach
fan de leafde, mar ’t bleau tsjuster,
wat him brocht ta wreker mei it swurd,
hy wie ’t paad bjuster.
Troilos:
Dy leafde kaam net op my oer,
ik seach my yn it ljocht fan ’t slachfjild,
stride foar myn leave Troje,
op myn hynder swaaiend mei it swurd…
myn ear fergoaie?
Achilleus:
Ik kaam ek op it slachfjild oan
en seach him fan syn hynder fallen,
doe koe ik syn libben nimme;
hearde ik, wylst hy as held ferstoar,
’t ferwyt fan stimmen?
* Yllustraasje ‘Troilos wurdt opwachte
troch Achilleus’