Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hoe lang noch

Lyrysk Deiboek

Sjedêr, de jûn lûkt nei de nacht
en spriedt syn ljocht oer poel en mar,
wylst brâne noch de lampen
fan de wrâld… hoe lang noch?
’t Wurdt sa njonkelytsen kâld.

It grutte ljocht nimt noch yn acht
de ôfspraak fan it oer-begjin
om yn de nacht te skinen
foar it folk… hoe lang noch
is it foar de ierde tolk?

Sjedêr, de moarn komt noch mei pracht
fan streken boppe mar en poel,
hoewol’t de fjoertoer hinget
al wat skean… hoe lang noch
kin it strieljend fierder gean?

admin

Bryk model

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

King Kong tusken aap en minske,
bjusterbaarlik wie syn krêft
as aap, antropomorf it ynsjoch,
byld om triljend nei te sjen,
in kening gie oan him ferlern.

Kening-god, sa waard er eare
op ’t mystike eilân Skull
mei bisten út in fier ferline,
foar in film in treflik plak,
taskôgers krigen har gerak.

King Kong waard úteinlik fongen,
oerbrocht nei de stêd New York,
dêr’t hy it dwaan moast as attraksje,
die wat oars, wat joech panyk,
op grutte hichte waard er lyk.

Mannich pommerant sjocht King Kong
as model foar krêft en macht
om mei geweld oerein te bliuwen,
mar in aap rint justjes bryk,
syn lyk wurdt wei yn ’t ierdske slyk.

Yllustraasje ‘King Kong’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum