februari 24, 2022
fan Dirck van Baburen*
Hy wie noch mar in jonge,
woe dat op gjin stikken wêze,
want folwoeksen like him
in libben ta fan harmony,
muzyk ôfwiksele mei sjonge.
It wie de hoed mei fearren
dy’t him justjes grutter makke
as hysels yn langte wie;
de hichte dy’t wat komysk hie,
liet hy him goed mei sjen en hearre.
Hy spile ek op hichte
lietsjes dêr’t er net mei sakke
op syn mûlharmoanika,
mar lyts, dochs net yn harmony
mei wat er him al jong ta dichte.
* Dirck van Baburen (1594/95-1624)
Skilderij ‘Jonge mei mûlharpe’
februari 23, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik kriich de ropping fan profeet
al doe’t ik in jong feintsje wie:
‘Foar’t Ik dy foarm joech yn de mem,
wiesto by My bekend,
foardatsto út har skurte kaamst,
bisto troch My wijd as profeet,
in man fan wurd en die.’
Mar ik sei: ‘Och, myn Heare God,
in man fan wurden bin ik net,
as feintsje bin ik noch te jong
en net oan sprekken wend.’
De Heare sei lykwols tsjin my:
‘Sis net datst in jong feintsje bist,
want wêr’t ik dy ek hinne stjoer,
do makkest My bekend
en wat Ik dy te sizzen jou,
wês net benaud, Ik stean dy by,
datst dizze godsspraak witst.’
Ik seach doe dat de Hear de hân
útstiek, rjocht nei myn mûle ta,
dêr lei Hy al syn wurden yn,
syn folmacht mocht ik ha.
* Yllustraasje ‘Ljochtsjende hân’