februari 26, 2022
fan Vincent van Gogh*
Jeremia
De Heare liet my bylden sjen
en joech ek de betsjutting:
in fisioen oer beam en Him
en ek oer iten yn in pôt,
’t ferskil kaam op my oer
as wie it yn fergrutting.
Ik seach in mangeltûke ier
yn ’t jier al folop bloeien,
dy tûke sloech folslein op Him
dy’t ús op tiid rêdt fan de boeien.
Ik seach in itenspôt dy’t skean
hong, siedend fan it noarden
út, al it ûnheil kaam dêrwei
en streamde nei ús eigen oarde.
De Heare liet my bylden sjen
fan syn betide kommen
en ’t ûnheil dat Hy bringe sil
troch folken út it noarden wei,
it is Him mear as oer,
dêrom is it beslút al nommen.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Mangeltûken yn bloei’
februari 25, 2022
fan Jean Bardin*
It giet oer in famyljemoard,
want trije waarden wreed fermoarde,
dêr’t Tullia de hân yn hie,
lykas sy ha woe, barde.
As dochter fan foarst Tullius,
dy’t wiis wie, mei belied regearre,
fersoening yn syn findel hie,
hat sy him nea wurdearre.
Har suster hiet ek Tullia,
dy’t sy fermoarde en tegearre
mei dy har man fermoarde sy
har eigen, net wurdearre.
It kaam tsjin kening Tullius
ta in komplot, de dea op strjitte;
mei faasje ried sy oer it lyk
fan heit, sy koe ’t net litte.
* Jean Bardin (1732-1809)
Skilderij ‘Tullia rydt oer it lyk
fan har heit Tullius’