maart 6, 2022
fan ûnbekend*
Charkov, stichte troch Kozakken,
ûnôfhinklik, grutsk en net benaud,
sa krigen sy in sterke festing,
letter stêd fan ’t Oekraynske folk,
mei kennis en kultuer fertroud.
Charkov, ek fertroud mei ’t striden
tsjin de nazi’s, Hitlers folk dat wreed
de boargers fan de stêd fermoarde,
twa jier lang dreau dêr in swarte wolk…
tirannen witte fan gjin leed.
Charkov foar de twadde kear yn ’t lijen,
troch de Russen bluodderich yn ’t nau,
sy namen mei geweld de festing,
wiene sa fan Kremlins satan tolk…
oan syn komôf bleau Charkov trou.
* Foto ‘Bombardemint op Charkov’
maart 5, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia 25, 30-38
De Heare brinzget fan omhegen
as in liuw syn grime út,
foar Kanaän en hiel de ierde
komt syn lûd geweldich oer,
want rjochtdei hâldt Er oer de dieden
dy’t net doge, lykas Babels toer.
In fûle stoarm raast oer de ierde
út en nei de hoeken ta,
fiert mei it folk dat wurdt ta liken,
yn it lân bliuwt nimmen oer,
sawol de earmen as de riken
wurde dong, del komt ek Babels toer.
Gûl hoeders, rôlje yn de moude
om en raas jim pine út,
it is no tiid foar jimme slachting,
dat fan jim bliuwt neat mear oer,
de Heare brinzget fan ferachting,
fernielt jim weidlân, lykas Babels toer.
Neiskrift
Mar lit de liuw syn lûd wol hearre
oer de tastân hjoed de dei:
de slachting yn syn Oekraïne,
is hy op it Kremlin poer
en sil hy Poetin moarn fersline?
Ik bin poer… heech riist noch Moskous toer.
* Foto ‘Brinzgjende liuw’