maart 12, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Gean mar op reis, ôffallich folk,
tsjoch nei de kust yn ’t westen,
reizgje dêrnei nei it easten ta
en sjoch hoe’t folken harren goaden
net omruilje foar in oare god,
se ha har eigen holden.
Sjoch nei jimsels, myn eigen folk
hat My, syn Gloarje, samar
ruile foar in stik ûnmacht, no sa!
De himel is fan skrik bestjurre,
skrillet foar ’t ûntrouwe folk werom
en kin dêr neat mei wurde.
Wit dat jim as myn eigen folk
twa kear net diene nei myn
Wurd: de welle dy’t it wetter jout,
ha jim al lang net mear út dronken,
mar in eigen wetterbak úthoud,
sa djip is jim peil sonken.
Foto ‘Wetterwelle’
maart 11, 2022
fan Sandro Botticelli*
Wit fan it drama fan Verginia,
de dochter fan Vergilius,
centurio yn Romes leger,
sy gie troch foar kreas jongfaam,
har dwaan en litten wie ynteger.
Wit ek dat Claudius in rotfint wie,
dy’t hege aspiraasjes hie,
himsels beneamde as de rjochter
dy’t it rjocht net earnstich naam,
dêr waard de dupe fan de dochter.
Wit ek dat heit Vergilius net sjen
koe dat Verginia gjin rjocht
dien waard en om har te befrijen
út syn kloeren, stiek hy ta,
sa moast syn dochter it belije.
* Sandro Botticelli (1445-1510)
Skilderij ‘It ferhaal fan Verginia’