Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Draaiend foar ’t bestean

Keunst

fan Jean-Léon Gérôme*

It nôt dat yn de rûnte leit,
kaam op út goede grûn,
oerstreamd mei wetter fan de Nyl,
de boer liet dêr syn each oer gean
en rûsde… ’t wie genôch foar syn bestean.

Hy bleau net by de opbringst stean,
mar meande oant de jûn,
lei dêrnei kreas in rûnte oan
en helle doe de terskers op,
blynkapen krigen beide op ’e kop.

Sy moatte oeren derfoar gean,
gjin poat komt bûten ’t nôt,
de rûnte jout de fêste koers,
gjin bek krijt fan de boer de kâns,
hy hâldt de terskers draaiend yn balâns.

Sels bliuwt er op syn plakje stean,
al draaiend mei de stap
fan beide terskers foar it lean.

* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘Nôt trêdzje yn Egypte’

admin

Bitter kwea

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Israel is wurden ta in slaaf,
hat neat te sizzen oer syn liif,
ferwurden is it folk ta rôfguod,
liuwen brinzgje it stokstiif.

’t Lân is wurden ta in wyldernis,
de fijân brânt de stêden plat,
sadat gjin minske dêr mear wennet,
want it folk ferliet syn God.

Wêrom soesto nei Egypte ta
om dêr te drinken út ’e Nyl
of nei Assyrië syn Eufraat,
’t kwea komt hjir wol troch de kiel.

Israel is wurden ta in slaaf,
foel fan it eigen leauwe ôf,
it minne wetter smakket bitter,
komt troch ôffal yn it nau.

* Foto ‘Nyl’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum