maart 21, 2022
De sinne sil in wike skine,
wylst de wyn deis lizzen giet,
it fielt dan justjes waarmer oan
as dat de tiid it hawwe wol,
dit wie it dan… oant moarn.
De beammen sille oan har bine
waarmte, wol in wike lang,
de blêden komme der dan oan,
de tûken reitsje samar fol,
dit wurdt it dan… oant moarn.
De takomst wurdt samar ferline,
sa’t gjinien ferwachte hie,
hy hold it oant it lêst ta fol,
sa’t hy it die op eigen toan,
dit wie it dan… farwol.
maart 20, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
D-Day is de earste dei
fan elke militêre operaasje,
yn ’t bysûnder yn Normandië,
doe’t op ’e kust de legers lânen
fan trije lannen tsjin ien naasje.
Frijheid namen sy doe mei
foar folken dy’t al jierren swier te lijen
hiene fan ’t geweld fan ’t nazi-dom;
de omkear kaam der troch dy D-Day,
dy earste dei om te befrijen…
… minsken fan in donker lot,
is ’t Frankryk, Nederlân of Oekraïne,
oeral leit in nij Normandië
om ’t poetin-dom hjoed te ferdriuwen,
dat leagens wurde ta ferline.
* Foto ‘D-Day’
** Foto ‘D-day’