maart 20, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
D-Day is de earste dei
fan elke militêre operaasje,
yn ’t bysûnder yn Normandië,
doe’t op ’e kust de legers lânen
fan trije lannen tsjin ien naasje.
Frijheid namen sy doe mei
foar folken dy’t al jierren swier te lijen
hiene fan ’t geweld fan ’t nazi-dom;
de omkear kaam der troch dy D-Day,
dy earste dei om te befrijen…
… minsken fan in donker lot,
is ’t Frankryk, Nederlân of Oekraïne,
oeral leit in nij Normandië
om ’t poetin-dom hjoed te ferdriuwen,
dat leagens wurde ta ferline.
* Foto ‘D-Day’
** Foto ‘D-day’
maart 19, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Do seist datst frij fan bannen bist,
net bûn oan watfoar god dan ek,
dyn frijheid hâldt lykwols net oer,
want oeral leisto op ’e rêch,
fan Baäl bist de hoer.
In wyngerd wiesto yn ’t begjin
mei ranken fan in suver soart,
dyn druven waarden wyld en min.
Mei sjippe woskst dyn goare hûd,
hoewol’tst dêr rij genôch mei wiest,
sjoch Ik dyn smoargens likegoed.
As kamielinne yn de draai,
in ezelinne yn it wyld,
sa folgesto dyn ôfgod nei.
Dyn sizzen is dat it neat let,
want frij wolst wêze yn dyn dwaan,
dyn frijheid hâldt lykwols net oer,
gleon bisto op in frjemde god,
fan Baäl bist de hoer.
Yllustraasje ‘Baäl’