Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Falske ûnskuld

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Jim geane tsjin my yn de pleit,
sa is de godsspraak fan de Hear,
en sprekke jimme ûnskuld út,
mar ’t bloed fan minsken sûnder skuld
dript út ’e seamen fan jim klean.

Mar wat tsjin jimme ûnskuld pleit:
myn folk is mei myn grime klear,
tinkt dat dy fan him ôfkeard is,
fergees ha Ik jim soannen slein,
jim bleauwen op jim stânpunt stean.

Fergetten bin Ik, ‘t is in feit
dat gjin jongfaam har sier ferjit,
sa witte jim ek skoan it paad
nei huorkerij, dus is ferlein
de wei dy’t wiisd is om te gean.

De oare wei dy’t jim wat seit,
is nei Egypte ta, fergees,
dêr komme jim beskamme wei,
dat lân is ek net sûnder skuld,
dêr dript it bloed fan djoere klean.

* Foto ‘Paad’

admin

Skjin Spoardok

Lyrysk Deiboek

Himmeldei op it Spoardok
op seisentweintich maart,
oanfang om tsien oere,
mei de kano’s ’t wetter op…
 wy meitsje ús ûntspannend drok.

Us Spoardok is net sa djip,
hat folle djipper west;
foar’t der treinen rieden,
smieten se de spoardyk op…
yn ’t dok koe farre mannich skip.

Skippen koene der net yn
of út, mar kano’s wol;
pak de peddel foar de
gong en pak de rotsoai op…
wy meitsje skjin by sinneskyn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum