maart 28, 2022
It hat al yn de oanfang spile:
twa is better as mar ien,
ien selskip hâlde jout wat mear
as inkeld troch it libben gean,
dan hat men neat om mei te dielen.
Koe Adam sûnder Eva rinne
troch it paradys? Mar ien
kear hat it op ’e wrâld sa west
dat twa elkoar sa nei stien ha,
mar wêr rûn it úteinlik hinne?
Twa bern, de earste en de twadde
yn de wrâld, gjin paradys
mear, want it libben naam in kear:
de iene stekt der boppe-út,
wat troch de hiele skiednis barde.
maart 27, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fan Marioepol nei Katyn,
dêr’t fiifentweintichtûzen
skotten klonken yn it stille bosk
foar boargers, prysters, militêren,
inkeld blêden ha doe rûze.
Al tachtich jier is it ferlyn
dat mear as fjouwertûzen
offisieren yn it stille bosk
it libben lieten troch de kûgel,
inkeld blêden ha doe rûze.
Noch klaget yn it bosk de wyn
de Russen oan yn plante
beammen op it stille massagrêf
fan Poalen dy’t ûnskuldich stoaren,
’t gûlen kaam fan alle kanten.
Nei Marioepol fan Katyn
út kin men gean yn tinzen;
knallen klonken yn de stoarne stêd
foar boargers, prysters, militêren,
oarlochslûden gean oer grinzen.
* Foto ‘Massagrêf yn Katyn’
** Foto ‘Bombardearre teäter yn Marioepol’