april 4, 2022
Hoewol’t se koarte binne
as in amputearre skonk
fan immen op it slachfjild rekke,
sy rikke noch nei boppen,
bliuwe op it eigen honk.
In fûgel fleach dêrhinne,
boude tûk it hege nêst
om solidêr mei har te wêzen;
’t helpt net mei inkeld roppen,
sy bliuwt trou út goederbêst.
Stânfêstichheid sil ’t winne
mei de flecht fan hinne wer,
sadat de griene bloei útbrekke
sil út ’e stam nei boppen…
nei it koartsjen sjoch no dêr!
april 3, 2022
fan ûnbekend*
Wylst Ingelân bedrige wurdt
mei Dútske bommen op ’e stêden,
is Winston Churchill, de premier,
yn Moskou om mei Stalins help
Europa fan de dea te rêden.
Sjoch him dêr mei syn swarte hoed,
it each strak op ’e militêren
dy’t weagje oan de macht foarby
nei ’t slachfjild mei de pas deryn
om foar Europa dêr te stjerren.
Gjin sprake fan dat hjoed de dei
yn Moskou Poetins militêren
marsjearje foar Europa’s macht,
sy fjochtsje dôf en ek noch blyn
om Kremlins faaie ear te rêden.
Foto ‘Winston Churchill yn Moskou’