Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Zenobia

Mytebylden

fan Nicolas Poussin*

Zenobia wie troud mei Rhadamistos,
dy’t it bloed fan Mithridates preau,
Armeenske kening , Romes bûnsmaat,
’t wie geweld dat Rhadamistos dreau.

Mar wa’t geweld brûkt, kin geweld ferwachtsje,
Rhadamistos waard bedrige troch de Part
en moast mei syn famylje flechtsje,
dat sy kriich fan ’t lijen ek har part.

Omdat de flecht Zenobia doe dûbel
swier foel mei’t sy yn ferwachting wie fan ’t bern
dat fijâns swurden net oerlibje
soe, seach sy de takomst as ferlern.

Sy frege Rhadamistos har te deadzjen,
dy’t oan bloed wol wend wie, hy ferloek gjin spier
en stiek har troch de lea, ek rekke
hy syn bern, it kaam yn de rivier.

De deastek hat Zenobia oerlibbe,
troch de hoeders waard sy op ’e igge fûn,
úteinlik kaam sy by de Parten,
dêr hat sy in dûbel libben wûn.

* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘Keninginne Zenobia’


admin

Kûgels

Keunst

fan Ids Wiersma*

Wannear’t it tsjuster driget
mei ’t egale donkerblau
fol hurde wite kûgels,
wa wit dan watfoar ramp men kriget.

It is net mear te missen,
dat gjinien ûntkomt deroan,
’t klimaat sjit mei syn kûgels…
wa soe him dan net rap tarisse?

Wannear’t gewearen sjitte
kûgels troch it donkerblau,
dan wurdt it minskdom kûgelsk…
wa soe it derby sitte litte?

It is net mear te missen,
’t lit de minske net egaal:
der bloeie wite kûgels…
wa kin it libben dan net risse?

* Ids Wiersma (1878-1965)
Skilderij ‘Maitiidsblommen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum