Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oaljegigant Malu

Lyrysk Deiboek

Malu lit de wenten brekke
yn de spegel fan de Kolk,
de spegel om te skôgjen
it lijen fan it folk.

Lang al binne de giganten
fan de oalje oeral baas,
wylst oarlochsflammen lôgje,
jout flechtsjen wat soelaas.

Malu bliuwt wol feilich lizzen
oan de ketting oant de dei
dat streamt opnij de oalje,
prinsipes steane faai…

… as de winst ferkeart mei machten
op deselde oseaan,
wylst kolket al it wetter
om oer it lân te slaan.

Malu lit him net ferdriuwe
al hoe min ’t derhinne leit,
giganten hawwe ’t better
as ’t folk dat lang al lijt.

admin

Draaiende tekens

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Faak is de stjer as teken brûkt
foar ljocht dat moed jout yn de nacht
oan minsken dy’t yn lijen sitte,
mar dit teken draait in slach
as nazi’s Joaden falle litte.

De stjer ferskynde op ’e jas
as teken fan in folk apart
om út ’e maatskippij te stjitten
ûnder ’t goddeleas gesach
fan nazi’s… wa kin soks ferjitte?

Net Oekraïners yn de striid
tsjin Russen, draaiend wer in slach
foar ’t hiele folk dat yn har eagen
nazi’s binne, mar wa’t wach
is, lit dit trochgean foar in leagen.

It nazi-teken wurdt misbrûkt
om te rjochtfeardigjen de macht
fan wapens, brûkt om te besetten
’t lân dat rekke net fan slach,
mar focht werom, wylst boargers bletten.

* Foto ‘Joadestjer’
** Foto ‘Nazi-teken’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum