april 15, 2022
Gjin blau-giel stekt omheech
as teken fan oerwinning,
gjin sprake fan horizontaal
as teken fan it flakke lân…
hjoed sprekt it doek in oare taal.
Dy taal klonk jierren lyn
as teken fan oerwinning
op ûnderdrukking troch de macht
fan nazi’s mei in hurde hân,
dy’t makke op ’e frijheid jacht.
Hâld swart-giel dêrom heech
as ein fan de besetting
troch nazi’s mei in wreed ferhaal
fan op it lêst de Waach yn brân,
hjoed sprekt it doek de frijheidstaal.
Lit blau-giel sprekke fan
de krêft om fol te hâlden,
al liket it soms neare nacht,
de frijheid hâldt úteinlik stân
wannear’t de geast de macht ferslacht.
april 14, 2022
fan Victor Vasnetsov*
Sjedêr held Bogatyr
mei bûtenierdske krêft
lit hy syn hynder stegerje
op ’en paad nei ’t striidtoaniel…
wa soe him dan wat wegerje?
Sjoch ek nei hjoed de dei,
hoe’t ien mei brute krêft
de ierde as fan him beskôget,
hy fernielt in oar syn diel
mei fjoer dat deadlik lôget.
In twadde Bogatyr
mei bûtenierdske krêft?
Ferbylding dy’t gjin grinzen ken,
mar mismakke is syn siel
as hy fermoardet lytse bern.
Sjoch dêrom nei de dea
út fan dy surrogaat
mei ûnderierdske krêften, lit it
barre dat hy krijt syn diel…
wa soe syn rol ferjitte?
* Victor Vasnetsov (1848-1926)
Skilderij ‘Bogatyr’