april 17, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hy seach it net mear sitten
yn syn heitelân, dêr’t Mussolini
’t foar it sizzen krigen hie;
Nobel joech him de heechste priis
fanwege syn aktive witten.
Aktyf, sa reagearren
ek de eleminten troch bestrieling
mei neutroanen yn de kearn:
in ketting fan reaksjes kin
úteinlik liede ta rap stjerren.
Lit Hiroshima sprekke,
skerp dy dêrnei op foar Nagasaki,
bliuw by de gefolgen stean;
in ketting fan reaksjes kin
massaal it ierdske libben brekke.
Lit Moskou soks net weagje
as in skeakel yn de lange ketting,
dy’t sûnt Fermi al bestie;
Nobel joech him de heechste priis,
mar net om alles fuort te reagjen.
Enrico Fermi waard in skeakel
yn de lange ketting fan reaksjes:
’t wie de kanker dy’t dat die.
* Foto ‘Enrico Fermi’
** Foto ‘Hiroshima nei de bom’
april 16, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
It hiele lân moat it no witte,
dêrom rop it elkenien hjoed ta:
‘It boazet oan as wie ’t in stoarm,
de fijân is al ûnderweis,
dus slaan alarm!’
Jeruzalem moat soks ek witte,
dêrom kundigje it Sion oan
dat wat it docht, is net de noarm;
de fijân is al ûnderweis,
dus slaan alarm!
De liuw is út syn skûlplak kommen,
wa’t it folk fermoardet, komt deroan,
feroaret hiel it lân fan foarm,
’t wurdt mei de tiid ta wyldernis,
dus slaan alarm!
Hy sil de stêd ferrinnewearje,
dat gjin minske hâldt dêr dan noch ta,
doch dêrom no al rouklean oan
en klei en gûl dyn soargen út,
it is bedoarn!
* Foto ‘Oanfallende liuw’