Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Troffen

Keunst

fan Willard Metcalf*
fan ûnbekend**

Sy stiet as stânbyld foar it hûs,
al jierren lang har stânplak,
ek in feilich ûnderkommen,
folle âlder as sysels,
’t hat har folslein opnommen.

Sy hat gjin sinten by de rûs
om ’t ûnderkommen op te
knappen, dochs is sy tefreden
mei dat sy it sparre hat
yn har bestean fan frede.

Sy rint rap by har wenning wei,
dêrmei hie sy it troffen,
mar hjoed troffen troch de bommen,
dy’t har rekken yn it moed,
wei is har ûnderkommen.

* Willard Metcalf (1858-1925)
Skilderij ‘Aldste hûs’

** Foto ‘Marioepol’

admin

Woestynwyn

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

De Hear sprekt oan de pommeranten,
de kening en de offisieren,
de prysters en profeten,
syn tiding is de wiere:

‘In gleone wyn komt fan de hichten
fan de woestyn om oan te fieren
de hjitte dy’t net suver is,
dy wyn taast oan de spieren.’

Sa sprekke dan de pommeranten,
de kening en de offisieren,
de prysters en profeten
oer dizze iepenbiering:

‘Ferbjustere hat God de Heare
ús mei syn earste wurd fan frede
wylst wy it swurd al fiele…
wat is dêrfan de reden?’

* Foto ‘Woestynwyn’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum