april 25, 2022
Oranje boppe… sa jout oan it seal,
stap op en fyts mei gong dêrhinne:
‘Come and join the family’,
diel mei yn ’t grutte kapitaal,
it Valk hotel lit fytsers winne.
Ferwiist oranje streekrjocht nei de seal
om te betsjinjen wa’t dêr binne?
‘Come en greet the family’,
brûk hjir yn ’t wurk gjin eigen taal,
it Valk hotel lit gasten winne.
Oranje ûnder, boppe-oan it read
fan demonstrearje wat jim kinne:
kom no op foar ’t eigen rjocht
as dielgenoat fan ’t kapitaal…
der falt hjoed noch in wrâld te winnen.
april 24, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Sergei Kirov, haad fan de partij
yn ’t kâlde Leningrad,
wie in trouwe kommunist;
yn opdracht fan de stielen Stalin,
sûnder dat er dêrfan wist,
waard hy de dea ynjage.
Jozef Stalin die as wie er poer:
sa’n trouwe kommunist
wie ûnmisber foar de steat,
dus rouden alle kommunisten
djip, sy wisten noch fan neat
en hiene ek gjin fragen.
Suver wie de slimme opset net,
’t gie om troch suvering
fan miljoenen sûnder skuld
de hiele hearskippij te krijen;
troch te moardzjen mei geduld
is Stalin dêryn slagge.
* Foto ‘Sergei Kirov’
** Foto ‘Jozef Stalin’