Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jozua-beammen

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

De tûken stekke se de hichte yn
út freugde dat se groeie kinne
yn de hjitte fan de rotswoestyn.

Mormonen kamen hjir as kolonist,
de beammen koe gjinien ûntrinne,
dy’t har witte lieten: ‘Sjoch, dit is ’t!’

De beammen hiene it oer Jozua,
de lieder mei de earms de hichte
yn: ‘Sjedêr, myn folk, hjir mar op ta!’

Dat wolkom spriek doe ek Mormonen oan,
dus ha sy dêr har wenplak stichte
mei de beam fan Jozua as kroan.

Sa rekke Jozua yn de woestyn
fan Colorado en Mojave,
mei syn wolkom, rûzjend op ’e wyn.

* Foto ‘Rotswoestyn mei Jozua-beammen’ 


admin

Ierdske hel

Keunst

fan Hjeronimus Bosch*

Wa leaut der no noch yn de hel
as ’t ierdske libben, swier fan kwea,
foargoed de ein berikt hat,
mar is dêrmei de hel ek dea?

Sjoch hoe’t de hel wie noch yn tel
de iuwen troch as ’t deistich brea,
dat deabenaud wie ’t minskdom
foar ’t slim kastijen fan de lea.

It gie earst by de hichte del,
de geast joech dêrby steun noch stjoer,
moast him oan satan oerjaan,
it lichem rekke yn it fjoer.

It leauwe yn de hel is oer
as men de echte bylden sjocht,
net leaut yn nep-berjochten…
de hel op ierde, nea oan tocht?

It Kremlin is it haadkertier
fan Lúsjefer dy’t folgers stjoert
om ûnskuld te kastijen,
syn fjoer ferskroeit geduerich bloed. 

* Hjeronimus Bosch (sirka 1450-1516)
Skilderij ‘De hel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum