mei 14, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Folk Israel mient dat it sterk stiet,
dêrom slacht it spottend praat út,
it godlik wurd is net te finen
oant it nei de ein ta giet.
Myn wurden lôgje yn dyn mûle
op ta fjoer, in brân dy’t útbrekt;
it folk wurdt branhout, sil ferdwine,
as profeet witst hoe’t soks giet.
In sterk folk sil fan fierrens komme,
allegearre binne ’t fjochters;
dyn risping sille sy fersline,
wa’t him sterk fielt, hy fergiet.
Dyn soannen en dyn dochters komme
om, dyn skoander fee wurdt slachte,
dyn stêden wurde ta ferline,
wat gjin sterveling ûntgiet.
Myn folk mient net mear dat it sterk stiet,
sil net langer mei My spotte,
it godlik wurd is noch te finen,
seit ta dat it fierder giet.
* Yllustraasje ‘Fjoer’
mei 13, 2022
fan ûnbekend*
It liket op in kninekop,
de keale sône fan it eilân
dat ea neamd is nei de geiten,
mar gjin geit hâldt him dêr op.
It is in eilantsje fan neat,
net grutter as mar ien hektare;
wa ferklearret dan de feiten…
is de geit dêrta yn steat?
Maori’s lieten har hjir sjen,
wa wit mei withoefolle geiten,
dy’t sy foar har goaden slachten,
dat gjin geit kriich doe noch bern.
Wat oerbleau wie de kninekop,
want op dat plak woe neat mear groeie
om’t it geitebloed net achte
waard, noch klinkt dêrfan de rop.
Foto ‘Geiteilân’