mei 19, 2022
fan Albrecht Dürer*
Se rûnen by de hichte op
om út te sjen nei ’t kommen
fan Kristus foar de twadde kear,
sa’t Hy foarfêst ûnthjitten hie,
mar ’t útsicht wie net klear.
Ynienen kamen machten op,
manmachtich yn de lichte,
de biskop mei de heechste hear,
sy wiene daliks út ’e rie:
de klim nimt no in kear.
Befel waard doe befel, de rop:
‘Smyt ketters fan de hichte,
brûk dêrnei hammer, swurd en spear,
slaan oan it krús, kom ta de die,
oan Kristus is de ear!’
Se seagen Kristus oer de kop
en lieten Him omkomme
oan ’t krús troch hammer, swurd en spear,
sadat Hy net te sprekken wie…
oer har domdryste lear.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Martelgong fan tsientûzen kristenen’
mei 18, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Profeet, sis tsjin it dwaze folk:
‘Wa hat de see de grins oanjûn,
it sân opsmiten om te kearen
de bolderjende weagen,
dat it feilich wennet op syn grûn.’
Dit folk hat in opstannich hert,
hat God de Hear gjin eare jûn,
dy’t wetter jout op drûge ikkers,
Hy lit it ier en letter
reine, dat de frucht riist út ’e grûn.
Ferkearden binne ûnder ’t folk
as fûgelfangers op ’e loer
om minsken yn har net te fangen,
sy hawwe harren huzen
fol mei rôfguod, ’t rint mei rykdom oer.
It is ferskriklik hoe’t it giet
mei prysters fol fan eigen dwaan
en litten, lykas mei profeten
dy’t falsk har bêste boadskip
bringe, ’t folk ferkeart sa yn de waan.
* Foto ‘Rein’