mei 21, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Blaas op ’e hoarn as need-sinjaal
en sykje, folk fan Benjamin, ûntwyk,
want út it noarden weaget ûnheil
oan, in leger mei in frjemde taal:
‘Rop no de oarloch tsjin har út,
oerein, gean fan ’e middei derop ôf,
ús winkt yn ’t suden rike bút.’
‘Wol spitich dat de dei is yn
it neigean, sjoch, de skaden wurde lang,
bút sjocht men skerp by sinneskyn.’
‘Hawar, wy geane der fannacht
op ôf en rûgje harren stinzen út,
sa binne wy nei bút op jacht.’
De Heare jout de fijân rie:
‘Ik sis jim, kapje alle beammen om,
smyt tsjin Jeruzalem in wâl op,
want it oardiel komt nei minne die.’
‘Nim oan wat Ik dy hjitten ha,
ferset dy dêrtsjin net, Jeruzalem,
oars bliuwst as lege púnheap achter…
dat ûnheil wolst dochs net op ta?’
Tegel ‘Hoarnblazer’
mei 20, 2022
fan ûnbekend*
It binne tuskenbeammen,
tusken lân en wetter yn,
grien tusken de kanalen,
as beskermers tsjin de wyn.
Sa kin de fisker fiskje
sûnder dat syn wiffe boat
beweecht troch hege weagen,
’t is syn favorite oard.
Wannear’t de wyn oanhellet,
wurdt sa sterk as in orkaan,
dan kinne de mangroven
oan it lân beskerming jaan.
Vietnam hoecht sa gjin diken,
fynt beskerming by it grien
fan beammen yn it wetter,
hat dêrmei syn foardiel dien.
De fisker rikt nei boppen,
fangt ek mango’s fan de beam,
it giet foar him sa dûbel-
op, ’t bestean as yn in dream.
* Foto ‘Mangrovebeammen yn Vietnam’