mei 20, 2022
fan ûnbekend*
It binne tuskenbeammen,
tusken lân en wetter yn,
grien tusken de kanalen,
as beskermers tsjin de wyn.
Sa kin de fisker fiskje
sûnder dat syn wiffe boat
beweecht troch hege weagen,
’t is syn favorite oard.
Wannear’t de wyn oanhellet,
wurdt sa sterk as in orkaan,
dan kinne de mangroven
oan it lân beskerming jaan.
Vietnam hoecht sa gjin diken,
fynt beskerming by it grien
fan beammen yn it wetter,
hat dêrmei syn foardiel dien.
De fisker rikt nei boppen,
fangt ek mango’s fan de beam,
it giet foar him sa dûbel-
op, ’t bestean as yn in dream.
* Foto ‘Mangrovebeammen yn Vietnam’
mei 19, 2022
fan Albrecht Dürer*
Se rûnen by de hichte op
om út te sjen nei ’t kommen
fan Kristus foar de twadde kear,
sa’t Hy foarfêst ûnthjitten hie,
mar ’t útsicht wie net klear.
Ynienen kamen machten op,
manmachtich yn de lichte,
de biskop mei de heechste hear,
sy wiene daliks út ’e rie:
de klim nimt no in kear.
Befel waard doe befel, de rop:
‘Smyt ketters fan de hichte,
brûk dêrnei hammer, swurd en spear,
slaan oan it krús, kom ta de die,
oan Kristus is de ear!’
Se seagen Kristus oer de kop
en lieten Him omkomme
oan ’t krús troch hammer, swurd en spear,
sadat Hy net te sprekken wie…
oer har domdryste lear.
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Martelgong fan tsientûzen kristenen’