mei 23, 2022
Wannear’t it reid de plom ferliest
en nei it kâlde wetter bûcht
om oan te jaan: de bloei hat west,
’t kin wêze dat de poel befriest,
dan slacht de dea foar master op.
Mar sjoch, de master slacht gjin acht
op wat de keunst it bieden hat,
dêroan hat hy perfoarst de pest,
ferliest troch har syn neare macht…
de froulju rjochtsje harren op.
Sy ha in boadskip foar it folk
dat tryst de holle hingje lit:
‘Wy jouwe út in manifest
en binne fan de keunst de tolk,
jou jim ek bleat, dat tilt dy op.’
mei 22, 2022
fan ûnbekend*
It is net oars as minsken
fan itselde folk gjin bruorren binne
en elkoar nei ’t libben stean,
hoewol’t it wol oars moatte soe…
in wei om fier te gean.
It wiene kommunisten,
hûnderttûzen, foar nasjonalisten
op ’e flecht, fan súd nei noard,
om’t lieder Mao net oars woe…
Yan’an as feilich oard.
Tsientûzen kilometer
oer rivieren, bergen, troch woestinen,
’t risiko om dea te gean
wie grutter as de lieder woe…
de massa-dea as lean.
De mars die wol fertuten,
want de kommunisten loeken oan it
langste ein en krigen ’t foar
it sizzen, wat net lije koe…
it lijen wie te bar.
* Foto ‘Mao op ’e Lange Mars’