mei 29, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fiif tagelyk, safolle hie
de wrâld net earder sjoen,
fiif berntsjes dy’t yn libben bleauwen,
fruchtber wie de Kanadeeske grûn.
Fiif famkes út itselde aai,
bewuolle yn katoen,
it wie in wûnder, net te leauwen,
rispinge op katolike grûn.
De wrâld woe graach de fiifling sjen,
wat heit wie nei it sin,
de rispinge soe jild opbringe,
wat net striek op Kanadeeske grûn.
De steat naam doe de fiifling oer
en frege net te min,
wat moast wol mei prinsipes wringe,
fruchten fan de Kanadeeske grûn.
Fiif famkes wiene fan… fan wa…
de âlders, steat of wrâld?
Se waarden folút presintearre
as fiif fruchten fan de kâlde grûn.
* Foto ‘Dionne-fiifling as lytse poppen’
** Foto ‘Dionne-fiifling as famkes’
mei 28, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
De Heare:
Bliuw op ’e fjouwersprongen stean,
sjoch út oer alle paden
wat de goede wei foar ’t folk is,
dy sille jimme gean.
Folk:
Mei eigen wegen is neat mis.
De Heare:
De wachters dy’t Ik oer jim steld
ha, seine: ‘Harkje nei ús
hoarnsinjaal!’ Wat dêrnei bard is,
it folk hat him net meld.
Folk:
Mei eigen earen is neat mis.
De Heare:
Dus heidenfolken, harkje goed,
de ierde moat ek harkje
nei de tiding dy’t foar ’t folk is,
it komt yn neare noed.
Folk:
Mei eigen fynsten is neat mis.
De Heare:
Der komme stiennen op ’e wei
foar ’t folk om oan te stjitten,
sa’t Ik oanstjit nim oan wat mis
is mei wat bart oerdei.
Folk:
Mei eigen offers is neat mis.
* Yllustraasje ‘Fjouwersprong’