mei 30, 2022
Ik sit hjir op in pompeblêd,
te licht om te ferdrinken,
want de holle rekket leech
fanwege meditaasje,
dêrom riist dy rap en heech.
Wy sieten ek, mar wol te swier
fan moed om drûch te bliuwen,
wa komt dan noch sels oerein?
Mei help fan argewaasje
wurde wy telider slein.
Ik bin de ien en do de oar,
tegearre ha wy fochten
om wer op dit blêd te stean;
wy hâlde ’t krekte lykwicht,
wat de kearn is fan ’t bestean.
mei 29, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Fiif tagelyk, safolle hie
de wrâld net earder sjoen,
fiif berntsjes dy’t yn libben bleauwen,
fruchtber wie de Kanadeeske grûn.
Fiif famkes út itselde aai,
bewuolle yn katoen,
it wie in wûnder, net te leauwen,
rispinge op katolike grûn.
De wrâld woe graach de fiifling sjen,
wat heit wie nei it sin,
de rispinge soe jild opbringe,
wat net striek op Kanadeeske grûn.
De steat naam doe de fiifling oer
en frege net te min,
wat moast wol mei prinsipes wringe,
fruchten fan de Kanadeeske grûn.
Fiif famkes wiene fan… fan wa…
de âlders, steat of wrâld?
Se waarden folút presintearre
as fiif fruchten fan de kâlde grûn.
* Foto ‘Dionne-fiifling as lytse poppen’
** Foto ‘Dionne-fiifling as famkes’