Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar it skot graasje

Keunst

fan Ralph Bruce*

De hannen bûn, fêst oan in peal,
de skonken stiif troch kjeld en stress,
de holle fol mei tinzen, flits nei flits,
de hertslach yn in rappe roffel,
hy stiet nêst syn maten.

De wrâld hie kleur, mar is no feal,
it read sloech op de tsaar syn bloed
dat floeie soe, fiif skotten, flits nei flits,
gjin hertslach mear foar fûle klappen,
tiid om frij te praten.

Syn libben wurdt net iens mear heal,
lit stean dat hy noch pake wurdt,
dan heart er stille skotten, flits nei flits
krijt hy foar eagen, mar gewearen
swije, hy heart praten.

Hy stiet noch, mar dan wol foar peal,
folslein ferstive fan de stress
dy’t dûbel oankomt, dea en no net mear,
de graasje lit de roffel duorje…
lang sil Fjodor libje!

* Ralph Bruce
Skilderij ‘Graasje foar Fjodor Dostojevsky’


admin

It lêste

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Daniël

Ik, Daniël, kaam oan de ein
fan alle wurden, alle tekens,
seach twa tsjûgen stean,
elk oan in kant fan de rivier
en boppe ’t wetter wie in man
yn klean fan suver linnen,
mei syn beide hannen heech
spriek hy wurden dy’t foar wier
de tiid trochgeane oant de ein ta:
earst komt noch de lange tiid
fan dat grouwélich alter
mei it offer fan ‘t ûnreine dier,
mar do giest fierder, Daniël,
folhâldend oant de ein ta,
dan jousto dy del en krijst
wat foar dy weilein is,
myn wurden binne wier.

* Yllustraasje ‘Daniël yn ôfwachting’
 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum