juni 9, 2022
fan Jacob Backer*
Hjir bin ik, mar net allinne,
sjoch mar hoe’t ik nei him wiis,
hy is de jager, giet op jacht,
wylst ik hjir sit te flechtsjen
in krânse foar de priis.
Sjoch my hjir as harderinne
mei de glim fan makke skiep,
sa wol ús heit my ’t leafste sjen,
mem learde my it flechtsjen,
wat hâldt my út ’e sliep.
Sjoch nei him, hy bliuwt wol wekker,
mem seit: ‘Om’t hy jonge is,
moatsto him as de jager sjen,
hy sil net daliks flechtsje,
sjit mei syn spear nea mis.’
Hjir bin ik, sekuere rekker,
’k reitsje mei myn spear de knyn
en fang in klyster mei myn strûp,
ik lit gjin bist mear flechtsje…
as ’t moat sjit ik in swyn.
As it moat, sil hy it winne,
dêrom is ’t dat ’k nei him wiis
as jager, winner fan de priis.
* Jacob Backer (1608/9-1651)
Skilderij ‘In jonge en in famke
as harderinne en jager’
juni 8, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik sprek dy no oan, Jeremia,
bid net langer foar dit folk,
kom My net mei dyn smeekbea oan,
net langer bisto harren tolk.
Sjochst net wat sy op strjitte dogge
yn Jeruzalem, mar ek
yn oare stêden yn dit lân,
de reden dat Ik mei har brek.
Sjochst net dat bern it hout opsykje,
dêrmei stoke heiten fjoer,
de memmen riere it besleek
en bakke koeken foar dy hoer…
… fan Isjtar, himelkeninginne,
oare goaden krije drank,
sy krinke djip My mei har dwaan
en litten? Gjin ferlet fan tank…
… ha IK, ta eigen skea en skande
bidde sy de goaden oan,
myn grime komt op dit folk del,
by My ha sy ’t foargoed bedoarn.
* Ofbylding ‘Isjtar’