juni 18, 2022
fan Maurycy Gottlieb*
Jeremia
Wa is ferstannich en wa wiis?
Net de skriuwers mei har ligerspinne,
dy’t de Wet ta leagen makke ha;
de wize mannen stean beskamme,
want har wiisheid is der mar op ta,
dus foar de Hear in griis.
Wat sille sy de Heare jaan?
As Hy komt, dan hingje der gjin druven
oan de wynstôk en gjin figen
oan de beam, it blêd is sels ferwile,
dat dit folk hat it by Him bedoarn,
de fijân krijt frij baan.
Wat is de Heare dan fan doel?
As de fijân komt, dan nimt dy harren
froulju, tagelyk har stikken lân;
myn folk hat him net skamme foar syn
dwaan, ’t wit fan gjin wiisheid en ferstân,
wat by de Hear min foel.
* Maurycy Gottlieb (1856-1879)
Skilderij ‘Toara-skriftgelearde’
juni 17, 2022
fan ûnbekend*
Wa’t skean rint, is net populêr,
hat faak neat yn te bringen
as syn eigen handicap;
wa sjocht dan nei sa’n manke om…
de sûnen sille heger springe.
Nim Pisa dy’t ek springe soe,
noch heger as de tuorren
rûnom yn it eigen gea;
moeraslân loek de toer hast om,
hy bleau wol stean, syn skeante duorre…
… oant hjoed de dei: in populêr
besit dat lûkt toeristen,
kommend om syn handicap,
sa keart dy toer de rollen om,
wat manke bouwers noch net wisten.
Foto ‘Toer fan Pisa’