juni 17, 2022
fan ûnbekend*
Wa’t skean rint, is net populêr,
hat faak neat yn te bringen
as syn eigen handicap;
wa sjocht dan nei sa’n manke om…
de sûnen sille heger springe.
Nim Pisa dy’t ek springe soe,
noch heger as de tuorren
rûnom yn it eigen gea;
moeraslân loek de toer hast om,
hy bleau wol stean, syn skeante duorre…
… oant hjoed de dei: in populêr
besit dat lûkt toeristen,
kommend om syn handicap,
sa keart dy toer de rollen om,
wat manke bouwers noch net wisten.
Foto ‘Toer fan Pisa’
juni 16, 2022
fan William Turner*
Famkes dûnsje yn de rein
oan de igge fan de Theems
om wille te belibjen
oan beweging mei de hiele lea,
wat trochslacht nei it brein.
Breinroer fan ferealens op
eleminten yn de loft
om dûnsjend te belibjen;
lilk wurdt net in famke yn dit gea,
sy klimme nei de top.
Ut ’e fierte stoomt de trein
nei de brêge oer de Theems,
mei faasje as de hazze,
dravend foar it libben, troch de dea
opjage, net ferslein.
Eleminten jeie mei,
harmony fan loft en stream,
as stoom de lea belibje,
dûnsjend wurdt net tocht oan rein en brea,
it brein slacht troch op wei.
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Rein, stoom en faasje’