Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frijheidsklok

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wol harkje nei de frijheidsklok
dy’t klinkt yn Philadelphia
en útropt dat it lân frij is
fan watfoar naasje yn de wrâld,
de frijheid as it heechste lok.

Klim dêrom nei de frijheidstop
by achttjin rûge rûtes lâns,
in treflik byld fan swiere striid,
de hichte komt wol oer as kâld,
mar wa’t it rêdt, dy waarmet op.

De winner stiet yn fjoer en flam
en eaget hiel it lânskip oer,
devoat as yn in katedraal,
hjir fynt er wat him dwaande hâldt:
de frijheid, klinkend lûd bim-bam.

* Foto ‘Liberty Bell Mountain Group
yn de steat Washington’ 


admin

Selfy foar de flecht

Keunst

fan Jan Mankes*

Ik ha in selfy makke
mei de ûle op ’e hân,
dy’t wol wat fan my hat,
wy binne beide hjir ússels,
ik bin dy en do bist my…
ha wy ússels te pakken?

Do giest fansels nei tsjerke,
mar net foar in drege preek,
wol omdatst jongen hast;
ik bliuw yn tsjerke by mysels,
mei dyn flecht fiel ik my frij,
al driuwend op ’e flerken.

Gjinien krijt ús te pakken,
want wy ha it dreechste hân:
net nei ússels te sjen,
mar heech by oaren op te sjen,
ik sjoch dy en do sjochst my,
sa hawwe wy it makke.

* Jan Mankes (1889-1920)
 Skilderij ‘Selsportret mei ûle’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum