juni 26, 2022
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As blanken iuwenlang oerhearskje,
komme swarten foar it ljocht
om sjen te litten hoe’t sy binne:
swart mei yn de ieren ’t reade bloed
dat brûzet om respekt te winnen.
Elijah sil it folk oproppe
om de ‘Nation of Islam’
te sjen as ’t ljochtsjend lân fan alle
swarten, dêr’t gjin blanke set in foet,
dat is wat swarte moslims wolle.
Lit Malcolm X, Muhammad Ali
ek de swarte striid oangean,
dan sil de ‘Islam Nation’ winne,
mar de bokser hat al gau besjoen
hoe’t swarten ek ferdiele kinne.
Elijah docht it mei mear frouwen,
slyt de iene nei de oar…
kin men sa’n lieder noch fertrouwe?
* Foto ‘Elijah Muhammad’
** Flagge fan ‘Nation of Islam’
juni 25, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
As profeet hear ik de klachten
fan myn earm folk dei en nacht,
syn needrop klinkt it hiele lân oer…
ha ’k mysels noch yn de macht?
‘Is de Hear net mear yn Sion,
is de kening dêr net mear?
Wy ha ús bûgd foar ôfgodsbylden
en net jûn Him alle ear.’
‘Dagen binne yn it neigean
en de risping is al dien,
wêr kinne wy noch útkomst fine,
is de takomst hinne gien?’
As profeet ha ik gjin antwurd,
bin fan slach en ek ferslein
en rin de dagen troch yn rouklean…
komt oan myn fertriet in ein?
Is yn ’t hiele lân gjin dokter
dy’t de wûne hielje kin?
Myn eagen streame oer fan triennen
om wat giet foargoed ferlern.
* Foto ‘Nei de risping’