juni 25, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
As profeet hear ik de klachten
fan myn earm folk dei en nacht,
syn needrop klinkt it hiele lân oer…
ha ’k mysels noch yn de macht?
‘Is de Hear net mear yn Sion,
is de kening dêr net mear?
Wy ha ús bûgd foar ôfgodsbylden
en net jûn Him alle ear.’
‘Dagen binne yn it neigean
en de risping is al dien,
wêr kinne wy noch útkomst fine,
is de takomst hinne gien?’
As profeet ha ik gjin antwurd,
bin fan slach en ek ferslein
en rin de dagen troch yn rouklean…
komt oan myn fertriet in ein?
Is yn ’t hiele lân gjin dokter
dy’t de wûne hielje kin?
Myn eagen streame oer fan triennen
om wat giet foargoed ferlern.
* Foto ‘Nei de risping’
juni 24, 2022
fan ûnbekend*
Wol harkje nei de frijheidsklok
dy’t klinkt yn Philadelphia
en útropt dat it lân frij is
fan watfoar naasje yn de wrâld,
de frijheid as it heechste lok.
Klim dêrom nei de frijheidstop
by achttjin rûge rûtes lâns,
in treflik byld fan swiere striid,
de hichte komt wol oer as kâld,
mar wa’t it rêdt, dy waarmet op.
De winner stiet yn fjoer en flam
en eaget hiel it lânskip oer,
devoat as yn in katedraal,
hjir fynt er wat him dwaande hâldt:
de frijheid, klinkend lûd bim-bam.
* Foto ‘Liberty Bell Mountain Group
yn de steat Washington’