Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iiskâlde jacht

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Ochotsk, de kâlde see by Ruslân,
dêr hat de orka syn ferbliuw,
de kjeld kin him net deare,
syn gedrach hat fan in liuw.

It reade sein is wite azem:
gefaar foar elk dier yn de buert,
dat op syn iepenst wêze
sil, faak nei de fierte kuert.

De orka is op see de rôver,
dy’t ûnderweis is nei de bút
 mei flymjend skerpe tosken,
’t bloed spat alle kanten út.

Ochotsk sjocht mannich orka jeien,
bliuwt iiskâld ûnder ’t wreed bedriuw,
gjin orka is te kearen,
’t leit no ienkear oan syn driuw.

* Foto ‘Orka yn de See fan Ochotsk’


admin

Kremlins delgong

Keunst

fan Carl Friedrich Baudry*

Ferkundigje it opstean
fan Kristus yn de katedraal,
de iuwen troch in klear ikoan
foar ’t folk dat syn wei folget
fan it libben nei de dea,
hjoed jildt foar elke Rus:
lang libje Kristus… ús ferhaal!

Ferkundigje it opstean
fan Poetin yn de katedraal
fan ’t Kremlin, hy is Kristus’ soan,
dy’t eigen wegen folget
fan it libben nei de dea,
hjoed jildt foar elke Rus:
lang libje Poetin… ús ferhaal!

Ferkundigje de delgong
fan Ruslân yn it kriichsgeweld,
dat gatten sjit yn it ikoan
fan ’t folk fan Oekraïne,
dat de dea fielt oan de lea,
it wint it fan de Rus,
omdat it opstiet… dat fertelt.

* Carl Friedrich Baudry (1812-1894)
Skilderij ‘Prosesje by de Ferkundigingskatedraal
yn it Kremlin fan Moskou’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum