juli 3, 2022
fan ûnbekend*
De grûn wie iuwenlang begroeid
mei gers en tichte fegetaasje,
sa’t Natuer de lieding hie
en ’t minskdom hearrich folge,
om’t it syn ferrin ferstie.
De grutte flakte fan Amearika
hie gjin ferlet fan djippe fuorgen,
makke troch de boer syn ploech;
Natuer waard achterfolge,
want de grûn waard fierste drûch.
De stoarmen bearden oer it flakke fjild,
de keale grûn wie net te hâlden,
moast wol mei de twirren mei,
waard stof, dat groeide út ta
wolken, wat oan ’t minskdom lei.
Natuer naam mei freon stoarm fûl wraak
op boeren dy’t de ploech hantearren
mei it each op ’e kultuer
fan djipgean groeit wol út ta
mear, minachting foar Natuer.
Foto ‘Stofstoarmen’
juli 2, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik gûl as God by ’t kleiliet:
Ferlitten binne de bergen,
fûgels sjocht men dêr net mear,
gjin bist ferkeart yn de woestyn…
dit docht My sear.
Jeruzalem as stienbult
wurdt beskûl foar jakhalzen,
Juda wurdt in woestenij,
gjin minske wennet yn dat lân…
dit rekket My.
Rop froulju foar in kleiliet,
dat triennen rinne de eagen
út: ‘Wy moatte út ús lân ,
dus binne wy te lider slein…
gjinien hâldt stân.’
As God wol ik noch sizze:
Lear jimme dochters dit kleiliet
oer de dea, dy’t rekket bern
op strjitte, feinten op it plein…
Ik kin ’t net sjen.
* Yllustraasje ‘Trien’